Boetes yn Snitswike

06 aug 2012 - 10:10

De plysje hat de earste trije dagen fan de Snitswike 34 minsken oanhâlden en 124 boetes útdield. Dochs is de plysje tefreden oer it ferrin fan it wettersportevenemint oant no ta.

By de oanhâldings giet it om mislediging, drugshannel, mishanneling en geweld. De measte boetes wiene foar minsken dy't bûtendoar pissen. Nij is dat de boetes fuortendaliks betelle wurde moatte.

Trefwurden: 
Snitswike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)