Minnertsgea wint Ald-Meiers

05 aug 2012 - 15:47

De keatsters fan Minnertsgea, Nieke Wateler, Jildou van Dijk en Lusanne Klaver, soargen sneon foar in grutte ferrassing troch de Ald-Meiers Partij yn Hitsum te winnen.

Sy wûnen de finale op 5-3 en 6-0 fan Seisbierrum-Pietersbierrum mei Janneke Ennema, Hendrieke van der Schoot en Pytik Visser. It wie de trettjinde edysje fan de Ald-Meiers Partij. De Ald-Meiers Partij is in wedstriid foar famkes fan 14 oant en mei 16 jier, dy't lykas by de Freulepartij, de partij mar ien kear winne kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)