Pieter-Jan Postma: krekt net

05 aug 2012 - 15:43

Hurdsiler Pieter-Jan Postma (30) fan Terkaple kaam snein yn de medaljerace fan de Finn-klasse yn Weymouth krekt tekoart foar de brûnzen medalje. Dy medalje waard wûn troch de Frânsman Jonathan Lobert, dy't de medaljerace wûn. Postma waard fiifde yn de finale en sakke nei it fjirde plak.

It Olympysk goud yn de Finn-klasse gie foar de tredde kear op rige nei de Brit Ben Ainslie. Ainslie hie allinne mar each foar syn konkurrint Jonas Hogh-Christensen út Denemarken. Se waarden foarlêste en lêste yn de medaljerace.

Ben Ainslie hat no fjouwer Olympyske titels: trije kear goud yn de Finn en ien kear yn de Laser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)