Glês: stik Griene Stjer ôfset

De gemeente Ljouwert hat snein in stikje fan rekreaasjeterrein de Griene Stjer ôfsette litten. By in boarterstastel leit safolle glês yn it sân dat it net feilich is om bern dêr boartsje te litten.
De yndruk bestiet dat fandalen sneontenacht ferskate flessen stikken slein hawwe yn de boarterstún. De gemeente hat dêrom in stik fan de boarterstún ôfset mei in lint. De boarterstún sil moandei glêsfrij makke wurde. Oant dy tiid kin der net boarte wurde. De gemeente is fan doel om oanjefte fan fandalisme te dwaan by de plysje.