Froulju oanhâlden nei ynbraak

Boeien © ANP XTRA
Mei help fan in tsjûge koe de plysje freed yn Gytsjerk twa froulju (39 en 42) út Lelystêd oanhâlde op fertinking fan stellerij. De tsjûge hie de froulju yn in wente oan de Sjoerdastrjitte sjoen. Omdat de tsjûge wist dat de bewenners fuort wiene, waard de plysje skille. Dêrby waard in goed sinjalemint jûn.
De plysje hie de froulju al gau fûn en oanhâlden. De ôfrûne tiid waard faker ynbrutsen yn Gytsjerk en omjouwing. Yn guon fan de gefallen waarden hjirby deselde froulju sjoen. In wente-ynbraketeam fan de plysje ûndersiket de saak.
De twa froulju sitte noch fêst.