Hûs yn brân troch ljochtkûgel

© ANP XTRA
De plysje hat sneontejûn in man (35) fan It Hearrenfean oanhâlden op fertinking fan brânstifting. De man hie earder op de jûn in ljochtkûgel ôfsketten. De kûgel bedarre yn de dakgoate fan in hûs oan de Amelânleane en bleau dêr baarnen. It fjoer sloech oer nei it dak fan de wente. De brânwacht moast derby komme om it fjoer út te meitsjen. Oan it dak ûntstie in soad skea.
De bewenners wiene net thús. De plysje krige fan omstanners de tip dat de 35-jierrige man de brân feroarsake hie mei syn ljochtkûgel. De man is oanhâlden en ynsletten.