Sint Anne kiest nije Saskia

05 aug 2012 - 09:56

Op de Biltse Rembrandtmerk yn Sint Anne is sneon Jildou Boterhoek winner wurden fan de earste Saskiaferkiezing. De ferkiezing wie organisearre, omdat it dit jier 400 jier lyn is dat Saskia van Uylenburgh, de frou fan Rembrandt, berne waard. Der koene froulju oan meidwaan, as sy har sa moai mooglik klaaiden yn klean fan 400 jier lyn.

In faksjuery beoardiele de dielnimmers. Jildou Boterhoek wie neffens dy sjuery de bêste. Sy wint ûnder oare in profesjonele fotosessy. De Rembrandtmerk waard hâlden by de Van Harenskerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)