'Ljouwert moat terminal ha'

NS-trein © Omrop Fryslân
De nij oprjochte wurkgroep Spoor Intermodaal Fryslân wol de Ljouwerter Rail Terminal werom ha. De besteande spoarterminal yn Ljouwert gie ferline jier ticht. Der is no in terminal oanlein om konteners tenei oer it wetter te ferfieren. De wurkgroep is it hjir net mei iens. In goed plak foar de nije spoarterminal soe oan de súdkant fan Ljouwert wêze, tsjinoer de nije wenwyk Techum.
De terminal soe neffens de wurkgroep ek in rol spylje kinne by it ferfier fan it ôffal fan en nei de REC yn Harns.