Swier ferwûne by Waskemar

© Omrop Fryslân
In frou fan 19 jier út Haulerwyk is sneintemiddei swier ferwûne rekke by in ûngelok yn Waskemar. De bestjoerster moast op de Breebergwei útwike foar in tsjinlizzer. Se rekke yn de berm, hie har auto net mear ûnder kontrôle en botste tsjin in beam op.
It slachtoffer moast troch de brânwacht en personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter út de auto helle wurde. De frou is mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht.