Sneker Pan wint silerij Starum

04 aug 2012 - 16:04

Skipper Douwe Visser fan de Sneker Pan hat sneon mei in grutte foarsprong de wedstriid op de Iselmar by Starum wûn. De silerij waard fanwege it minne waar ynkoarte. It Snitser skûtsje kaam yn it earste krúsrak op foarsprong en hat dit plak, lykas yn de foarige wedstriid by Langwar, net mear út hannen jûn.

Grou waard twadde nei in spannende einstriid mei It Hearrenfean. By de start hie De Jouwer muoite mei de start en koe hjirtroch pas inkelde minuten letter útein sette. Snits nimt troch de winst no de lieding yn it klassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)