Cambuur: 3500 seizoenskaarten

04 aug 2012 - 14:04

Sportklup Cambuur yn Ljouwert hat al 3500 seizoenkaarten ferkocht. Dat is sneon bekend makke op de iepen dei. Mei noch twa wiken te gean ferwachtet kommersjeel direkteur Ard de Graaf dat lykas yn 2011 it tal fan 4000 seizoenkaarten helle wurdt.

Cambuur wurket it kommende seizoen mei in begrutting fan 3,8 miljoen euro. Dat is 100.000 euro mear as ferline jier. Dat komt neffens De Graaf trochdat Cambuur besteande sponsoaren better behannelet.

It earste team is no yn grutte linen bekend. De klup siket noch in rjochtsbûten, nei't it net slagge om mei Nick Soolsma ta in akkoart te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)