Desepsje foar baanhurdfytsers

Foar de Olympyske baanhurdfytsers is de ploege-achterfolging freedtejûn útdraaid op in desepsje. De ploech, mei dêryn ûnder oare de Friezen Wim Stroetinga en Jenning Huizenga, einige as sânde. Se hiene hope in stik rapper te wêzen, mar dat foel ôf.
It goud wie foar thúslân Grut-Brittannië mei in nij wrâldrekôr. Australië waard twadde, Nij-Seelân tredde.