Drachtster oppakt foar drugs

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje yn Drachten hat freedtenacht in bewenner (21) fan in hûs oan de Melkkelder oanhâlden. De man hannele yn drugs. Tsjûgen melden by de plysje dat ferskate minsken ûnder ynfloed fan drugs út syn wente kamen.
De bewenner hie ferskate soarten drugs by him en yn it hûs waarden derneist ferskate pûdsjes mei drugs fûn. De spullen binne yn beslach naam.