Yta Strikwerda nei Súd-Afrika

© Lenus van der Broek
Yta Strikwerda út Wolvegea giet nije wike nei Kaapstad yn Súd-Afrika, dêr't se op it Wrâld Down Syndroom kongres in World Award útrikt krijt. Se hat dy priis wûn troch har wurk foar de LFB, in feriening dy't opkomt foar de belangen fan minsken mei in ferstanlike hendikep.
Strikwerda sil in presintaasje jaan op it kongres en in sjek oerlangje oan de Stifting Down Syndroom yn Kaapstad. It jild is ophelle mei in sponsorrin yn Wolvegea. Yta Strikwerda is bekend wurden fan har optredens yn de tv-show fan Paul de Leeuw.