Beerenburch foar fiedselbank

It advokatekantoar fan Wim en Hans Anker hat in grut tal flessen beerenburch skonken oan de Ljouwerter fiedselbank. De drank komt net yn de pakketten, mar sil ferkocht wurde troch de frijwilligers dy't dêr wurkje. De opbringst fan de ferkeapaksje is foar it itensferdielpunt.
It advokatekantoar is fan doel om ek noch in apart jildbedrach oer te meitsjen oan de ynstelling.