Asbest yn lading weet yn skip

03 aug 2012 - 16:00

By Koopmans Moalfabriken binne de ôfrûne wike stikjes asbesthâldend boumateriaal fûn yn in lading weet út Dútslân. It fabryk yn Ljouwert hat fuortendaliks maatregels naam en de fynst trochjûn oan 'e ynspeksje.

Ut mjittings hat bliken dien dat der gjin asbest yn de loft telâne kaam is. Om't it bedriuw de asbest hiel gau fûn hat, is it net yn iten kaam. De Nederlânske Voedsel en Warenautoriteit hat Dútslân frege út te sykjen hoe't de asbest yn de 'tarwe' telâne kaam is.

Trefwurden: 
skip asbest Koopmans weet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)