Jonkje bûten libbengefaar

03 aug 2012 - 14:58

It jonkje fan goed ien jier dat tongersdei oerboard sloech by it skûtsjesilen op de Langwarder Wielen, is bûten libbensgefaar. Wol wurdt er yn it sikehûs yn Grins 48 oeren yn sliep hâlden.

It jonkje is it soantsje fan de fokkenist fan it Boalserter skûtsje. Hy siet yn in bernestuoltsje op ien fan de folchskippen en foel troch de skommeling fan in hekgolf yn it wetter. Omstanners koene it berntsje rêde.

Trefwurden: 
skûtsjesilen jonkje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)