Camping Jobbegea nominearre

© www.minibosparkjubbega.nl
Camping Minibospark Jobbegea makket kâns op de titel VeKaBo Camping fan it jier. De camping yn Jobbegea is ien fan de sân dy't foar de titel yn 'e beneaming komme. Gasten fan VeKaBocampings koene campings nominearje. De plakken dy't dêrby it meast neamd waarden, binne dêrnei beoardiele troch in sjuery. Op 19 oktober wurdt dúdlik wa fan de sân wint.
VeKaBo is in organisaasje fan rekreaasjebedriuwen op it plattelân. Der binne goed 1600 leden.