'Fryslân hat te min te bieden'

03 aug 2012 - 12:24

Landal Greenparks bout foarearst gjin fakânsjeparken mear op it Fryske fêstelân. Fryslân hat toeristen yn it foar- en neiseizoen te min te bieden. Dat seit kommersjeel direkteur Bas Hoogland.

Landal Greenparks iepenet freed in nij fakânsjepark oan 'e Snitsermar. It giet om de earste tritich fan mei-elkoar sechstich lúkse bungalows. Neffens Hoogland moat de Fryske toeristyske sektor soargje foar mear aktiviteiten en publykslûkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)