Treinfertraging moandei foarby

NS-trein © Omrop Fryslân
De langere reistiid foar treinreizgers rjochting Zwolle is moandei foarby. Dit wykein binne se noch wol langer ûnderweis fanwege wurk oan stasjon Zwolle. Der ride folle minder treinen nei Zwolle. Minsken dy't fierder moatte rjochting Amersfoort, moatte mei de bus fan Meppel nei 't Harde.
It wurk oan it stasjon is nedich om't it tal treinen dat it stasjon oandocht, útwreide wurdt. De Hanzeline fan Lelystêd nei Zwolle komt derby.