Lestige dronken frou oppakt

It Ruterskertier yn Ljouwert
De plysje hat yn Ljouwert in 21-jierrige ynwenster fan dy stêd oppakt omdat se ferfelend wie op it Ruterskertier. De frou woe ien fan de kroegen yn de strjitte yn, mar dat waard wegere omdat se har dêr earder ferfelend gedroegen hie. Omdat se wegere fuort te gean, waard de plysje derby roppen. Dy stjoerde de frou fuort.
Doe't se even letter wer by de kroech kaam, waard se opnij oansprutsen troch de plysje. Se waard lilk en besocht in plysje te slaan. Op it plysjeburo die bliken dat se te folle alkohol dronken hie.