Gjin jild Iepen Monumintedei

03 aug 2012 - 09:52

De gemeente Ljouwert hâldt fêst oan de ôfwizing fan in bydrage oan de Iepen Monumintedei. Dat hat loko-boargemaster Isabelle Diks de riedsleden witte litten.

It giet om in oanfraach foar dit jier. De organisaasje achter de dei hie 1500 euro fan de gemeente frege, mar dy hat dat ôfwiisd op grûn fan de subsydzjeregels. Neffens Diks soe ôfwike fan dy regels presedinten skeppe. Se hat de riedsleden witte litten dat it projekt Nij Saailân wol in bydrage jout oan de Iepen Monumintedei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)