Goed begjin SC Hearrenfean
SC Hearrenfean sette yn de tredde foarronde fan de Europa League in geweldich resultaat del troch Rapid Boekarest mei 4-0 te ferslaan. Filip Djuricic, tongersdeitejûn de spits, makke yn de 9e en 64e minút de earste twa goals. Marten de Roon tekene foar de 3-0 yn de 69e minút en Samir Fazli brocht krekt foar de ein de stân op 4-0. In better debút koe trainer Marco van Basten net meitsje. Takom wike tongersdei is de return yn Roemenië.