Joke Osinga (VVD): "Hege enerzjyprizen meie net de nekslach foar ferienings wurde"

Jaap Stalenburg (PvdA), Joke Osinga (VVD) en Harry van der Molen (CDA) © Omrop Fryslân, René Koster
Hege enerzjyprizen meie net de nekslach foar ferienings wurde. Dat stelt VVD-fraksjefoarsitter Joke Osinga fan de gemeente Waadhoeke in it Nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries.
"De leefberens op it plattelân driuwt foar in grut part op lokale foarsjennings as doarpshûzen en ferienings. Dat meie we allegear net de nekke omdraaie litte troch de hege enerzjyprizen."
Neffens Osinga koene doarpshûzen altyd al dreech de begrutting rûn krije. "Dat slagge allinnich om't de minsken dêr altyd kreative tovenaars binne. Mar mei dizze enerzjyprizen kinne jo it ek op dy wize net mear rêde."

'Monopolist Liander ligt dwars'

It Ljouwerter CDA-keamerlid Harry van der Molen fynt dat sektoaren as kultuer, ûnderwiis en (sport-)ferienings en kompensearre wurde moatte foar de hege enerzjyprizen. "It yrritearret ús as CDA dat dizze groepen dêr sa lang op wachtsje moatte."
In fragmint út it Nijsfoarum oer de hege enerzjyprizen
PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg koe melde dat syn partij dêroer kommende wike mei in moasje yn de Twadde Keamer komme sil. Hy is lykwols ek besoarge oer Thialf. "Daar liggen geweldige mogelijkheden om dat qua energie in eigen beheer op te lossen, maar dan ligt monopolist Liander weer dwars!"
De sociaal-demokraat wiisde ek op de kleau tusken de Rânestêd en it plattelân. "Daar voelen ze de urgentie onvoldoende. Dat zie je bijvoorbeeld ook terug in de verdeling van het geld voor verkeer en vervoer, zoals die deze week naar buiten kwam."
Van der Molen tinkt wol dat de kompensaasjeregelingen foar enerzjy ek in risiko foarmje. "Hjir wurdt no 40 miljard yn stutsen en dat direkt nei de coronastipepaketten. Dat kin fansels net altyd mar trochgean. Dochs is dit sa akút, dit kin no net oars."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.