Persoanlik rekôrs foar Fledderus en Groenewoud, mar gjin medaljes

Marrit Fledderus © Orange Pictures
De Fryske reedrydsters binne der snein net yn slagge om in medalje te heljen op de 500 en de 3.000 meter. Wol rieden Marrit Fledderus en Marijke Groenewoud in persoanlik rekôr.
Op de 500 meter wie Fledderus de bêste Friezinne. Se ferbettere har persoanlik rekôr mei trettjin hûndertsten en sette it op 37,55. Fledderus siet hiel ticht by it poadium, want as se fjouwer hûndertsten flugger west wie, hie Fledderus tredde wurden.
Wol is de Sint Nykse de rapste Friezinne op de sprintôfstân. Femke Kok waard sechde yn 37,66. Dat is in stik better as ferline wike yn Stavanger, doe't Kok op it tolfde plak einige. Michelle de Jong einige alfde mei har 37,92.
De oerwinning gie nei de Koreaanse Min-Sun Kim. Se ried 37,21 en wie dêrmei in klasse apart. Vanessa Herzog einige as twadde en Jutta Leerdam pakt it brûns.

Utslach 500 meter froulju

1. Min-Sun Kim 37,21
2. Vanessa Herzog 37,48
3. Jutta Leerdam 37,51
4. Erin Jackson 37,53
5. Marrit Fledderus 37,56 (PR)
6. Femke Kok 37,66
11. Michelle de Jong 37,92
Op de 3.000 meter wie Irene Schouten in klasse apart. Se ferbettere har eigen baanrekôr mei mear as in heale sekonde: 3.54,04. De Friezinnen kamen net yn de buert fan de medaljes.
Marijke Groenewoud einige as sechde, mar die dat wol yn in persoanlik rekôr. Foar it earst dûkte de Hallumse ûnder de grins fan de fjouwer minuten. Groenewoud kaam ta 3.59,90. Dêrmei wie se krekt wat flugger as Antoinette Rijpma-De Jong, dy't mei 4.00,24 teloarstellend achtste waard.
Foar it earst rydt Marijke Groenewoud op de 3.000 meter ûnder de fjouwer minuten

Utslach 3.000 meter froulju

1. Irene Schouten 3.54,04
2. Isabelle Weidemann 3.57,70
3. Ragne Wiklund 3.58,31
4. Joy Beune 3.58,72
5. Ivanie Blondin 3.59,82
6. Marijke Groenewoud 3.59,90 (PR)
8. Antoinette Rijpma-De Jong 4.00,24