De Manoryks bliuwe yn De Tynje salang’t it nedich is: "Wy fiele ús hjir feilich"

Ek de bern fine har plak © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De Tynje fangt al acht moannen lang de Oekraynske húshâlding Manoryk op. "Jimme meie bliuwe salang't dat nedich is. Dat fynt it hiele doarp", seit Tineke Altena fan de tsjerke.
Heit, mem en trije bern kinne bykomme yn it doarp. "Wy fiele ús hjir feilich", seit Katja Manoryk.
"Mar wy hawwe gjin plannen foar de takomst. Wy witte net hoelang't wy hjir bliuwe kinne. No is it goed. We hawwe wurk en de bern gean nei skoalle en nei it pjutteboartersplak. Ik wit wat ik moarn dwaan sil en dat is genôch."
De Oekraynske famylje Manoryk wurdt opfongen yn De Tynje
Yn de haadstêd Kiev wie it net mear feilich foar harren. Sy ferlearen dêr al in freon. "It wie hiel gefaarlik. Wy sieten yn de skûlkelder en it wie kâld en tsjuster. It Russyske leger kaam flakby en doe hawwe we besletten om te ferhúzjen."
De Manoryks yn it opfangplak by de tsjerke © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De Tynje hat fiif húshâldens opfongen. De Manoryks wenje yn in bygebou fan de tsjerke. Sy wurde opnaam en draaie mei yn de mienskip fan it doarp. Fansels hawwe se grutte wol soargen oer famylje en freonen yn Oekraïne.
Katja Manoryk mei ien fan har bern © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Alex en Katja hawwe wurk fûn, de beide âldsten geane nei de Boargemaster Harmsma Skoalle op De Gordyk en de jongste giet nei de berne-opfang en kin al behoarlik Nederlânsk prate", seit frijwilliger Tineke Altena fan de tsjerke grutsk. De famylje mei bliuwe salang't sy dêr ferlet fan hawwe.