Utwreiding lytse rekreaasje moat toeristen langer yn Weststellingwerf hâlde

Wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân
It kolleezje fan Weststellingwerf hat de mooglikheden foar lytsskalige rekreaasje ferromme. Lytse campings meie no it hiele jier iepen en it maksimum oantal steanplakken is útwreide.
Oant no ta mochten lytse kampearterreinen allinne yn it toeristyske seizoen iepen, tussen 15 maart en 1 novimber. Mar Weststellingwerf makket no kampearjen it hiele jier troch mooglik.
It kolleezje wol dêrmei in mear stabile bedriuwstak foarinoar krije. It oanpaste belied moat besteande toeristyske ûndernimmers mear mooglikheden jaan.
"Toeristen zijn voor heel Fryslân belangrijk, maar wij investeren in Weststellingwerf ook veel in het toerisme", leit wethâlder Roelof Theun Hoen út. "Onder andere bij Driewegsluis en in Noordwolde bij het Spokedamgebied. We zien dat toeristen hier graag verblijven, maar we willen graag dat ze wat langer blijven overnachten."
In lytse camping yn Steggerda © Minicamping Weideland
It jout de sektor ek wat mear dúdlikens foar ynvestearringen en meiwurkers. "Nu kan een ondernemer ook bijvoorbeeld een contract voor een jaar aan z'n personeel geven. Daardoor heeft hij meer zekerheid."

Mear steanplakken

Fierder is ek it maksimum oantal steanplakken omheech brocht fan 25 nei 35 plakken. Sa kinne campinghâlders mear gasten ûntfange. Foar in ferlinging fan it seizoen en útwreiding fan steanplakken is noch wol in romtlike ûnderbouwing nedich.

Bêd & brochjes

It kolleezje hat ek in beslút naam oer it tastean fan bêd & brochjes yn frijsteande bygebouwen. Dêrfoar jilde no spesjale betingsten yn it bestimmingsplan. "De randvoorwaarden waren niet beschreven, dus dat hebben we in deze kleine beleidsnotitie gedaan", seit Hoen. It wie net altyd dúdlik oft it om in B&B gie of net.
Ek wol de gemeente gjin risiko op yllegale bewenning rinne. Dêrom hat Weststellingwerf no betingsten opsteld foar it tastean fan B&B's.