Hebeca yn problemen troch rein

De opbou fan it lokaasjeteaterstik Hebeca by de Burgumermar hat inkele wiken fertraging oprûn. De swiere rein fan de ôfrûne wiken hat derfoar soarge dat it dreech wie om de swiere dekôrstikken nei it natuergebiet te bringen.
Eins hie it dekôr al stean moatten, mar dat is noch net slagge. De bouploech wurket no yn de boufak troch om alles op 'e tiid klear te krijen foar de repetysjes. Underwilens oefenje de spilers yn in skuorre.