Rijpma-De Jong wint 1.500 meter, goud op teamsprint foar 'trije musketiers'

Antoinette Rijpma-De Jong hat sneon de 1.500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf. Marijke Groenewoud foel ek yn de prizen. Medaljes wiene der ek foar Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong dy't de teamsprint wûnen.
Antoinette Rijpma-De Jong © Orange Pictures
Op de 1.500 meter moast Rijpma-De Jong fan de topfavoriten as earste oan de bak. Se notearre mei tank oan in goed lêste rûntsje 1.53,73. Yn de rit dêrnei biet Miho Takagi har stikken op de tiid fan de Friezinne. It slotrûntsje fan Takagi wie fjouwer tsienden stadiger as dy fan Rijpma-De Jong en it brocht har 1.53,92.
Yn de lêste rit makken Groenewoud en Ivanie Blondin jacht op de fluchste tiid, mar beide froulju kamen der net oan. It slagge Groenewoud noch wol om tredde te wurden yn 1.54,64. Dêrtroch hellet se op 'e nij in brûnzen medalje, lykas ferline wike by de earste wrâldbekerwedstriid yn Thialf.
It is foar it earst dat Rijpma-De Jong op de 1.500 meter in wrâldbekerwedstriid wint.

B-groep

Reina Anema ried de 1.500 meter sneontemoarn yn de B-groep. Dêryn behelle se yn 1.58,82 in twadde plak, wêrtroch se by de folgjende wrâldbekerwedstriid yn Calgary yn de A-groep starte mei. Ellia Smeding waard fjirde yn de B-groep.

Utslach 1.500 meter froulju

1. Antoinette Rijpma-De Jong 1.53,73
2. Miho Takagi 1.53,92
3. Marijke Groenewoud 1.54,64
4. Nadezhda Morozova 1.54,86
5. Ivanie Blondin 1.54,94
Sukses wie der ek foar Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong. De trije froulju wûnen foar Nederlân de teamsprint. Op dat ûnderdiel wurde der trije rûntsjes riden en nei elts rûntsje sprint der ien ôf.
De Jong starte op kop, wêrnei't Fledderus it kopwurk oernaam nei it earste rûntsje. Kok makke it ôf en finishte yn 1.26,57. Kanada einige op hast njoggen tsienden efter Nederlân as twadde en de sprinters fan de Feriene Steaten waarden tredde.
Snein ride 'de trije musketiers' ek noch de 500 meter yn Thialf.
Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong winne de teamsprint
Op de 5.000 meter slagge Jorrit Bergsma der net yn om in medalje te heljen. Om't er ferline wike net meidie by de earste wrâldbekerwedstriid yn Stavanger, ried Bergsma al yn de earste rit.

Baanrekôr Roest

De Boarnster moast yn Noarwegen ferstek gean litte om't er siik wie. Oan de begjin fan dizze wike knapte er wer op, mar hy mist nei it grypke de topfoarm noch. Bergsma kaam ta 6.17,99, wat him it tolfde plak opsmiet.
De oerwinning gie nei Patrick Roest. Hy ferbettere it baanrekôr dat er yn jannewaris fan ferline jier delset hie mei hast acht tsienden: 6.04,36

Utslach 5.000 meter manlju

1. Patrick Roest 6.04,36
2. Sander Eitrem 6.08,24
3. Hallgeir Engebraten 6.09,44
4. Beau Snellink 6.11,81
5. Davide Ghiotto 6.13,14
12. Jorrit Bergsma 6.17,99