Sulver foar Groenewoud by massastart, gjin poadium foar Friezinnen op 1.000 meter

Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Marijke Groenewoud is freed by de wrâldbekerwedstriid yn Thialf efter Irene Schouten twadde wurden op de massastart. Op de 1.000 meter wie der gjin medalje foar in Fryske reedrydster.
De Nederlânske froulju makken der op de massastart in machtsfertoan fan. Op njoggen rûntsjes foar de ein gie Schouten fuort út it peloton, wêrnei't Groenewoud op kop riden gie fan datselde peloton. Schouten rûn allinnich mar út en kaam solo oer de finish.
Dêrefter moast Groenewoud de sprint oangean om it sulver. Der wie in fotofinish foar nedich, mar úteinlik wie de Hallumse twa hûndertsten flugger as de Kanadeeske Ivanie Blondin, dy't tredde waard. Bûnscoach Rintje Ritsma seach it allegear mei in glimk oan.

Bergsma helpt Hoolwerf

By de manlju gie de oerwinning ek nei in lângenoat. Jorrit Bergsma ried in sterke wedstriid en die kopwurk foar Bart Hoolwerf, dy't it yn de einsprint ôfmeitsje koe. Jae Won Chung einige as twadde en Andrea Giovannini as tredde. It einresultaat foar Bergsma wie it sechsde plak.
Op de 1.000 meter einige Antoinette Rijpma-de Jong op it fjirde plak. Se kaam by de twadde wrâldbekerwedstriid fan it seizoen twa tsienden tekoart foar it poadium.
Yn de lêste rit naam Rijpma-de Jong it op tsjin de Amerikaanske Kimi Goetz. Dy twastriid wûn de Rottumse yn 1.14,74, mar dat smiet har dus gjin medalje op. Yn de rit dêrfoar hie Jutta Leerdam nammentlik al 1.13,77 notearje litten, wêrmei't se lykas ferline wike no wer wûn.
Antoinette Rijpma-de Jong © Orange Pictures
It sulver wie foar Miho Takagi yn 1.13,92 en de ferrassende nûmer trije wie Isabel Grevelt fan it Gewest Fryslân. Se ried mear as in sekonde fan har persoanlik rekôr ôf en pakte dêrmei it brûns.
Neffens Marrit Fledderus hie in persoanlik rekôr deryn sitten
Marrit Fledderus en Michelle de Jong rieden op de 1.000 meter tsjin inoar. Op de lêste krusing like it mis te gean, om't beide froulju hiel ticht byinoar útkamen. Se losten it úteinlik goed op.
Fledderus hie de lêste binnenbocht en kaam yn 1.14,76 oer de streek, wêrmei't se fiifde waard. Har tiid wie mar seis hûndertsten stadiger as har persoanlik rekôr. De Jong finishste yn 1.15,96, wat goed wie foar it alfde plak.

Utslach 1.000 meter froulju

1. Jutta Leerdam 1.13,77
2. Miho Takagi 1.13,92
3. Isabel Grevelt 1.14,54
4. Antoinette Rijpma-de Jong 1.14,74
5. Marrit Fledderus 1.14,76
11. Michelle de Jong 1.15,96
Yn dit wrâldbekerwykein ride de Fryske froulju sneon de 1.500 meter (Antoinette Rijpma-De Jong, Marijke Groenewoud en Reina Anema) en de teamsprint (Femke Kok, Michelle de Jong en Marrit Fledderus). Op de 5.000 meter by de manlju is Jorrit Bergsma de iennige Fries. Snein komme Rijpma-de Jong en Groenewoud wer yn aksje op de 3.000 meter en Kok, De Jong en Fledderus op de 500 meter.