Van Gerner tolfde yn finale

02 aug 2012 - 19:39

Turnster Céline van Gerner hat it tongersdei poerbêst dien yn de mearkampfinale op de Olympyske Spelen. De turnster fan Sportstêd Hearrenfean einige op it tolfde plak. De Emmeloardse die dat mei in skoare fan 57,232.

It is foar it earst sûnt 1992 dat in Nederlânske turnster yn de finale stie fan de Olympyske Spelen. It goud wie foar de Amerikaanske Gabrielle Douglas mei 62,232.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)