Dizze suggestjes dogge omwenners fan de fleanbasis Ljouwert om de lûdshinder te beheinen

In F-35 fan de Ljouwerter fleanbasis © ANP
Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert ha 34 ideeën yntsjinne om de lûdshinder fan de F-35 te ferminderjen. De suggestjes binne dien op fersyk fan Definsje.
Yn de advyskommisje fan de fleanbasis, it saneamde COVM, is frege om ideeën. Yn de kommisje beprate omwenners, de gemeenten en provinsje mei de fleanbasis oer de oerlêst en hoe dy te beheinen. By de fleanbasis binne se wiis mei de suggestjes, al binne de measten net fuort realisearber.
Dit binne seis fan de suggestjes dy't dien binne om de lûdshinder te ferminderjen:
Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert ha ideeën yntsjinne om de lûdshinder fan de F-35 te ferminderjen
Ien fan de oare suggestjes is oft der mear en better isolearre wurde kin. Neffens kommandant Johan van Deventer fan de fleanbasis is dat net fuort oan bar. "Met de komst fan de F-35 zijn de contouren niet anders geworden. Wij mogen een bepaalde hoeveelheid geluid produceren. Als die vol zit, houdt het op. Dat is mijn belofte ook aan de buurt."