Natuer foar bosk by De Himrik
Steatsboskbehear roait de kommende moannen 27 bunder bosk by De Himrik. Op de hegere stikken by it Alddjip wurdt sa romte makke foar heide en gerslannen. De natoerorganisaasje wol sa it beekdal yn âlde gloarje werstelle. Heideskiep wurde ynset om it gers op de goeie hichte te hâlden. Kuierders en fytsers fernimme neat fan it wurk yn de bosk.