De toan fan Froukje Sijtsma: "Fol spanning om Sinteklaas"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"It alderearste dat myn 7-jierrige famke moandeitemoarn tsjin my sei doe't se wekker waard wie: 'Mem, ik fyn it echt hiel flau dat ik juster myn skuontsje net sette mocht.' Net iens in goeiemoarn, mar fuort yn de Sinteklaasmodus.
De measte âlden mei lytse, en miskien ek wol mei wat gruttere, bern kenne it ferskynsel: de spanning troch Sinteklaas. Wannear meie se har skuon wer sette? Wat soe der yn sitte? En hoe komme Sinteklaas en syn piterbazen eins yn 'e hûs?
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik kin altyd hiel bot fan dizze tiid genietsje. Salang't ik mar net nachts om trije oere in bern fol adrenaline neist bêd stean haw, dy't freget oft se al nei ûnderen mei om te sjen wat der yn de skoech sit.
Wat dat oanbelanget koe de planning dit wykein net beroerder. Freeds Sint Marten en sneons de yntocht fan de goedhillichman. Myn dochter gie mei trije freontsjes by de doarren del te sjongen en nei oardel oere waard de skoudertas leechkipere op tafel.
Hearlike snoepkes en sûkeladereepkes en in pear mandaryntsjes. It tonkje hong har heal út de mûle. Hokker soe se as earste opite? En wat dêrnei? Nei in smikkel en in smakkel, die se de rest fan it snobbersguod yn in grauwe bak, dy't de folgjende moarn fuort wer út de kast lutsen waard.
Sneons wie dan einlik de yntocht fan Sinteklaas. Op skoalle hienen se alle dagen it Sinteklaassjoernaal sjoen. En ek thús oan tafel hie se it mei myn freon oer neat oars. Want ek myn freon folget it Sinteklaassjoernaal yntinsyf, om't er troch Sinteklaas frege is om te helpen by it feest op syn wurk.
En dus bin ik no ek goed op de hichte. Pakjesboat 12 rekke lek en bedarre op de boaiem fan de Spaanske see. Lokkich koe eltsenien feilich oan wâl komme en yn Hellevoetsluis blykte yn it drûchdok in nije Pakjesboat te lizzen. Mei de triennen hast yn de eagen fertelde myn famke dat Ozosnel, it hynder fan Sinteklaas, lokkich ek op it drûge kaam wie.
By de yntocht yn Ljouwert seach se Ozosnel mei eigen eagen. Sinteklaas joech har de hân en fan Pyt krige se fjouwer pipernútsjes. Underwylst riede ik my mentaal dat it no hast tiid wie om kilometers troch de binnenstêd achter Sinterklaas en de muzykweinen oan te klossen. Mar doe sei myn dochter: "Sille wy dan no in iisko keapje en dêrnei lekker nei hûs?"
Stikem hope ik dat it dit jier net sa mâl gean soe as eardere jierren. En dit like al in goede foarboade. Jûns sette Amber in woartel yn har skoech. En twa sûkeladereepkes foar de piten, út har eigen Sint Marten-foarried. Mar de folgjende moarn stie se dochs om fiif oere neist myn bêd. Stiif fan de spanning wat se yn har skuontsje fine soe.
En dêrom haw ik snein efkes mei Sinterklaas oerlein dat hy by ús allinnich noch mar yn de wykeinen hoecht del te kommen. En net op skoaldagen. En dat liket te helpen. Amber sliepte moandeis oant de wekker troch. Der siet moarns gjin lekkers yn har skoech, mar lokkich bea it snobbersguod fan Sint Maarten genôch treast."