71 jier nei Kneppelfreed: 'Lis wetlik fêst dat rjochters it Frysk passyf behearskje'

Plysje by it gerjochtsgebou op Kneppelfreed yn 1951 © LC
Op dizze dei is it 71 jier lyn dat op it Saailân yn Ljouwert in demonstraasje wie foar it rjocht om Frysk te praten foar de rjochter. Dy dei is de skiednis yngien as Kneppelfreed, om't de Ljouwerter plysje it nedich fûn om stevich op te treden mei kneppel en wetterkanon.
It gefolch fan Kneppelfreed wie nei ferrin fan tiid de erkenning fan it Frysk as offisjele taal fan Fryslân njonken it Nederlânsk. It rjocht om yn Fryslân Frysk te praten by de rjochter waard wetlik fêstlein.
Mar yn de praktyk is Frysk prate foar de rjochter noch hieltyd net fanselssprekkend. Foaral by it gerjochtshôf Ljouwert-Arnhem wurkje frijwat minsken dy't it Frysk net fersteane. En as der dan gjin Fryske rjochtbanktolk oanwêzich is as gefolch fan it slepende konflikt tusken de rjochtbanktolken en it ministearje fan Justysje kin it samar barre dat in al lang plande sitting net trochgean kin.
In fertochte wol it leafst sa graach mooglik witte wêr't er oan ta is en ek de taal prate, dêr't er him it bêste yn uterje kin. As dat it Frysk is, moat er Frysk prate kinne.
Advokaat Tjalling van der Goot
Advokaat Tjalling van der Goot makke dit koartlyn wer mei en fynt dit foaral foar syn kliïnt hiel ferfelend. "In fertochte wol it leafst sa graach mooglik witte wêr't er oan ta is en ek de taal prate, dêr't er him it bêste yn uterje kin. As dat it Frysk is, moat er Frysk prate kinne."

Eask

Van der Goot is dêrom prinsipieel fan miening dat elkenien dy't yn Fryslân op de rjochtbank of it gerjochtshôf wurket it Frysk ferstean moatte soe. "Rjochtbank en gerjochtshôf soene as eask stelle moatte dat elkenien dy't profesjoneel oan it proses dielnimt op syn minst passyf it Frysk behearsket."
Foaral by it gerjochtshôf komt it neffens Van der Goot geregeld foar dat der riedshearen binne of in advokaat-generaal dy't it Frysk net fersteane. "It soe it moaiste wêze om yn de wet fêst te lizzen dat elke rjochter, offisier fan justysje en griffier yn Fryslân it Frysk ferstean kin. Mar dat stiet net yn de wet en dêrom hawwe we tolken."
Tjalling van der Goot © Omrop Fryslân
Van der Goot fynt it mar apart dat it konflikt mei de rjochtbanktolken al sa lang sleept. "Ik soe sizze, doch der in pear tientsjes by en it probleem is oplost, mar blykber spylje der prinsipes mei dy't heech oplaaie."

Praktyske oplossing

De strafrjochtadvokaat pleitet foar in praktyske oplossing fan it probleem: "As elkenien dy't it Frysk net machtich is nei de Afûk stapt foar in kursus en geregeld nei Omrop Fryslân sjocht of harket, dan ha we in grut probleem samar oplost."
De advokaat sil syn kliïnten net gau advisearje om oer te skeakeljen op it Nederlânsk. "Frysk prate mei myn klanten ferleget de drompel. As ik dat al fernim as advokaat, dan fernimt in rjochter dat ek. It is foar de kwaliteit fan de rjochtsgong krekt fan belang dat in Frysktalige fertochte Frysk praat. Sa stiet it ek yn de wet. It giet by de rjochtbank gelokkich faak goed, mar ik wol dat it altyd goed giet."
Harkje nei advokaat Tjalling van der Goot
71 jier nei Kneppelfreed: 'Lis wetlik fêst dat rjochters it Frysk passyf behearskje'
In grutte komplikaasje foar de mooglikheid om Frysk te praten op rjochtbank en gerjochtshôf is it slepende konflikt tusken it ministearje fan Justysje en de beëdige rjochtbanktolken oer de tariven. Ek de trije offisjele rjochtbanktolken Frysk wolle net mear wurkje foar it minimumtaryf fan it ministearje.
Provinsjale Steaten fregen al mear as in jier lyn oan Deputearre Steaten om dit probleem gau op te lossen, mar ta spyt fan de Fryske rjochtbanktolk Fedde Dijkstra is dy oplossing ek foar de Fryske rjochtbanktolken noch net yn sicht.
Yn in rjochtssteat is it wichtich dat alle rjochters alle fertochten hûndert persint fersteane, en dêrfoar hawwe je yn Fryslân in tolk Frysk nedich.
Rjochtbanktolk Fedde Dijkstra
"Wy hawwe as tolken Frysk hope dat de provinsje besykje soe om mei in mooglike oplossing foar ús te kommen, want de provinsje seit it wichtich te finen. Mar oant no ta hawwe we gjin inkeld foarstel sjoen", seit Dijkstra.

Unbegryplik

Hy fynt it ûnbegryplik dat it rjocht om Frysk te praten foar de rjochtbank 71 jier nei Kneppelfreed net garandearre wurde kin. Dijkstra hat de yndruk dat yn guon gefallen oanwêzigen op in sitting mar beweare dat se it Frysk fersteane om mar fan it probleem ôf te wêzen.
"Minsken dy't net-Frysktalich binne, sille grif frijwat ferstean, mar seker gjin hûndert persint. Yn in rjochtssteat is it wichtich dat alle rjochters alle fertochten hûndert persint fersteane, en dêrfoar hawwe je yn Fryslân in tolk Frysk nedich."
Fedde Dijkstra © ANP
Fedde Dijkstra wie yn septimber ferline jier foar it lêst warber as tolk Frysk foar it Ljouwerter gerjochtshôf. Sûnt dy tiid ferrjochtet Dykstra allinnich tsjinsten as rjochtbanktolk Dútsk op rjochtbanken bûten Fryslân.
De Orde van Registertolken en Vertalers, dêr't Fedde Dijkstra foarsitter fan is, hat foar dizze strategy keazen om't tolken sa harren fertsjinste noch wat oanfolje meie troch de reiskostefergoeding.

Striidber

It is in gong fan saken dy't it Ryk neffens Dijkstra grif in soad jild kostet. "Se binne grif goedkeaper út as se de tariven wat ferheegje en de minsken ynsette op de rjochtbank yn it eigen arrondissemint." De Orde jout de striid foarearst net op. Mear as in jier nei it begjin fan de aksjes binne de tolken noch hieltyd tige striidber, sa seit Dijkstra.
Harkje nei rjochtbanktolk Fedde Dijkstra