'Tower from De Jouwer' Andries Noppert ûnderweis nei Katar

De spilers fan it Nederlânsk alvetal mei harren fleantúch © Omrop Fryslân
Hearrenfean-doelman Andries Noppert is tiisdeitemoarn mei de Oranjeseleksje ôfset nei Katar. Ofrûne freed hearde Noppert dat er selektearre is troch bûnscoach Louis van Gaal as ien fan de trije doelmannen yn it Nederlânsk alvetal.
Doe't de seleksje op Schiphol oankaam, wie der in ferrassing te sjen foar Noppert. Op de lofthaven is nammentlik in spesjaal keunstwurk foar it wrâldkampioenskip fuotbal makke.
Noppert moast de fuotbalskuon meinimme yn 'e hânbagaazje
De earedivyzje hat dêr, yn gearwurking mei de ferneamde fuotbalkeunstner Barry Pirovano, in 25 meter lange skildering makke fan alle fuotballers út de earedivyzje dy't aktyf binne op it WK. Dy skildering, om de spilers sukses te winskjen, is fan tiisdei ôf te sjen.
Op it keunstwurk binne njoggentjin spilers te sjen, dêr't Andries Noppert ien fan is. De keeper, dy't ek wol bekend stiet as de Toer fan De Jouwer, is mei tolve oare spilers fan Oranje troch Pirovano skildere. Fierder binne der noch sân spilers út oare lannen te sjen.
De Nederlânske spilers op de skildering: Remko Pasveer, Jurriën Timber, Daley Blind, Steven Berghuis, Davy Klaassen, Kenneth Taylor, Steven Bergwijn (Ajax), Xavi Simons, Cody Gakpo, Luuk de Jong (PSV), Justin Bijlow (Feyenoord) en Andries Noppert (sc Hearrenfean).
De oare ynternasjonals út de earedivyzje: de Mexicanen Edson Álvarez, Jorge Sánchez (Ajax) en Érick Gutièrrez (PSV), Mohammed Kudus (Ajax) út Ghana, Dusan Tadic (Ajax) út Servië, Alireza Jahanbakhsh (Feyenoord) út Iran en Sebastian Szymanski (Feyenoord) út Poalen.