Provinsje nimt ferantwurdlikheid fearferbiningen net oer fan Ryk

In boat fan Doeksen yn de haven fan Harns © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De provinsje Fryslân nimt de ferantwurdlikheid foar de fearferbinings mei de Waadeilannen foarearst net oer fan it Ryk. De fearferbiningen wurde oer in pear jier foar it earst iepenbier oanbestege. De provinsje sjocht dêr finansjele risiko's yn en wol dat it Ryk de oanbesteging docht.
Omdat de fearboaten nei de eilannen oer see gean, moatte dy iepenbier oanbestege wurde. Dat is earder bepaald troch it Europeeske Hôf fan Justysje.
Provinsje nimt ferantwurdlikheid fearferbiningen net oer fan Ryk
De folgjende konsesjeperioade fan fyfjin jier begjint yn 2029. Dat betsjut dat njonken de besteande rederijen Doeksen en Wagenborg ek oare bedriuwen ynskriuwe kinne. Deputearre fan ferkear Avine Fokkens fynt it better dat it Ryk de proseduere yn goede banen liedt.
"Zo'n aanbesteden van de Waddenveren is nog nooit eerder gedaan", seit Fokkens dêroer, "ook niet door het Rijk."
De provinsje wie yn prinsipe ree om de ferantwurdlikheid foar de feartsjinsten oer te nimmen as dat in dúdlike mearwearde opsmite soe foar de reizgers. Ut ûndersyk die lykwols bliken dat dy mearwearde der net of amper is.

Lelyline

De noardlike provinsjes en it Ryk binne it iens wurden oer de finansiering fan de mienskiplike projektorganisaasje foar de Lelyline. Dy klup moat de plannen foar oanlis fan in nije spoarline fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins fierder útwurkje.
De kosten dêrfan wurde rûsd op 8 miljoen. De provinsje Fryslân hâldt rekken mei in Fryske bydrage fan 1 miljoen euro.

Brêge Koatstertille

Der komt no ek skot yn de plannen foar in nije brêge by Koatstertille. De besteande brêge is ferâldere en kwetsber. Hy gie yn 2021 ticht foar swier ferkear, wat in grut probleem is foar it bedriuwslibben yn it doarp.
Yn it bestjoerlik oerlis is ôfpraat dat it Ryk 70 miljoen frijmakket foar de bou fan in nije brêge oer it Prinses Margrietkanaal. Koatstertille en omjouwing binne dêr neffens deputearre Fokkens echt oan ta.
Fokkens wol ek ûndersykje oft it ek mooglik is om in akwadukt oan te lizzen as ferfanging fan de brêgen by Koatstertille en Skûlenboarch. Omdat de oanlis fan in nije brêge of in nij akwadukt wol in pear jier duorje kin, is it de bedoeling om earst tydlike maatregels te nimmen om de brêge steviger te meitsjen.

Gjin akwadukt Ljouwert

It Ryk is foarearst net ree om jild te ynvestearjen yn de ferfanging fan de HRMK-spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert troch in akwadukt.
De ôfspraken stean in it Meerjarenprogramma Infrastructuur, Ruimte en Transport (MIRT) fan de Ryksoerheid. It Ryk wurket dêryn nau gear mei provinsjes, gemeenten en oare partijen.
Fokkens is net ûntefreden oer de útkomsten fan dat oerlis, mar se fynt it wol spitich dat it Ryk op dit stuit net ree is om mear te ynvestearjen yn de besteande spoarferbining tusken Ljouwert en Zwolle.

Nij stasjon by Werpsterhoeke

Njonken in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal wolle provinsje en de gemeente Ljouwert ek graach in nij stasjon realisearje by de Werpsterhoeke. Yn it oerlis is ôfpraat dat Ryk en provinsje oer dizze winsken meiïnoar yn petear bliuwe sille.
Deputearre Avine Fokkens fan ferkear