Ferhalejûn: "We hawwe der in dochter bykrigen"

Reitse Reitsma © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Hast elkenien hat wol in momint wêrop't it libben in grutte draai nommen hat Dat is dit jier it tema fan de Ferhalejûn, dy't takom freed wer hâlden wurdt. Ek Reitse Reitsma út Heech hat in omkear meimakke.
Hy makke mei syn frou yn 2013 in reis mei de Transsiberië Express en yn Mongoalië makken se in tuskenstop. Mar doe krigen se net sa'n moai berjocht: harren bernsbern fan oardel jier wie yn in fiver fallen en lei yn kritike tastân yn it sikehûs fan Amsterdam.
Se woenen sa gau as mooglik werom nei Nederlân en krigen dêrby help fan harren gids Dambaa. Se wisten doe noch net hokker rol sy letter yn harren libben spylje soe.
Harkje nei it ferhaal fan Reitse Reitsma

Ferhalejûn

It is yntusken in echte tradysje wurden: de Ferhalejûn. De earste edysje wie yn 2018 by de start fan Kulturele Haadstêd en no fynt it evenemint alle jierren plak. Op tsientallen plakken yn Fryslân wurde takom freed 18 novimber ferhalen ferteld. Tema dit jier is 'De Ommekear'.
Omrop Fryslân stiet yn de oanrin nei de ferhalejûn stil by in oantal ferhalen yn in spesjale rige. De ferhalen wurde moandei oant en mei tongersdei útstjoerd op de radio yn it programma No Yn Fryslân.