Femke Wiersma (BBB) oer de fertrouwenskrisis yn Nederlân: "It is ien grutte púnheap"

Femke Wiersma fan de BoerBurgerBeweging © Omrop Fryslân
We belibje ien grutte fertrouwenskrisis yn Nederlân. Dat seit Femke Wiersma fan de BoerBurgerBeweging (BBB) nei oanlieding fan it opstappen fan de amtlike top yn Den Haag. Se sei dat yn it nijsfoarum fan Buro de Vries by Omrop Fryslân.
Ek âld-boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel en Smellingerlân en Frank Petersen fan de Waadferiening sjogge dat it lân eins bestiet út in gebrek oan fertrouwen op ferskate fronten.
Fiif topamtners hawwe freed ûntslach naam fanwege de perikels om it ûndersyk nei eventueel grinsoergeand gedrach fan Twadde Keamerlid Khadija Arib. De PvdA-politika is opstapt, mar it ûndersyk wurdt trochset troch Keamerfoarsitter Vera Bergkamp. En no dus it opstappen fan de amtlike top fan de Twadde Keamer.
Frank Petersen fan de Waadferiening (argyfbyld) © Omrop Fryslân
Neffens Wiersma, fraksjemeiwurker fan de BBB yn de Twadde Keamer, is der sprake fan ien grutte fertrouwenskrisis yn ús lân. De wichtichste is neffens har de fertrouwenskrisis op alle nivo's: tusken boarger en oerheid en oarsom, yn de polityk sels en tusken amtners en politisy.
Neffens Wiersma is der gjin sprake mear fan in feilige wurkomjouwing yn Den Haag. "Op basis fan anonime meldingen wurde karriêres kapotmakke. En amtners wurde ûnderdiel fan it politike spul. It is ien grutte púnheap."
Hoe't dizze krisis oplost wurde moat, wit Wiersma ek net presys. Mar wol dat der folop ynset wurde moat op herstel fan fertrouwen. Neffens har is BBB noch net safier dat se Bergkamp fuortstjoere wolle. "Se hat de keamer net goed yn 'e hân, dat moat better."
Tom van Mourik © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Van Mourik fynt dat de Twadde Keamer ek ris goed nei himsels sjen moat. "As dy minsken opstappe, dan is der hiel wat mis", seit er referearjend oan de amtners. "De keamerleden moatte harren realisearje dat as de amtners stake of opstappe se sels net folle mear kinne."
Hy hopet ek dat der in oplossing fûn wurdt en it petear fierd wurdt, en dat de amtners weromkomme. Frank Petersen fan de Waadferiening is it dêr mei iens. "Ga in een café aan het plein een kop koffie drinken en ga het gesprek aan."
Alle trije foarumleden sjogge dizze fertrouwenskrisis as in foarbyld fan wat der yn de hiele maatskippij oan de hân is. "It begjint mei it fertrouwen yn de hiele maatskippij. Alles is polarisearre. Dêr moatte we mei oan de slach."
It nijsfoarum fan Buro de Vries oer de fertrouwenskrisis yn Nederlân