Gjin útspraak saak Easterwâlde

02 aug 2012 - 14:46

It gerjochtshôf yn Ljouwert hat tongersdei gjin útspraak dien yn it heger berop tsjin fjouwer fertochten fan in wapene oerfal yn Easterwâlde. Earder waarden twa fan de fjouwer feroardiele ta acht en seis jier selstraf. It Iepenbier Ministearje gie dêr tsjin yn berop omdat it fynt dat ek de oare twa selstraf ha moatte.

It gerjochtshôf is fan miening dat earst noch mear ûndersyk dien wurde moat foardat in útspraak dien wurde kin. De oerfal wie yn febrewaris 2011.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)