Dizze Friezen gienen Andries Noppert foar op it WK fuotbal

Jan Kromkamp yn Oranje © ANP
Andries Noppert is de fjirde Fries dy't foar it Nederlânsk alvetal meigiet nei in WK. Theo de Jong (1974), Piet Wildschut (1978) en Jan Kromkamp (2006) gienen de Jouster doelman foar.
Kromkamp spile gjin minút op it WK. De Jong wol: yn 1974 spile hy fjouwer kear, wêrûnder in ynfalbeurt yn de finale. Wildschut kaam trije kear yn aksje op it WK 1978 yn Argentinië. Hy foel ien kear yn en begûn twa kear yn de basis, mar yn de finale siet er op 'e tribune.
Noppert siet ein septimber foar it earst by de seleksje fan it Nederlânsk alvetal. Nederlân spile doe foar de Nations League tsjin Poalen en België, mar Noppert kaam net yn aksje.

Kassa foar Hearrenfean

Hearrenfean fertsjinnet ek aardich wat jild oan de seleksje fan Noppert. De klup krijt in fergoeding fan goed 10.000 euro deis. Oranje is op syn minst achttjin dagen fuort.
Tongersdei waard bekend dat Pawel Bochniewicz net opnaam is yn de seleksje fan Poalen. De Hearrenfeanferdigener siet wol yn de foarseleksje.
Mooglik giet der njonken Noppert noch wol in oare Hearrenfeanspiler nei it WK: Rami Kaib heart takom wike oft er selektearre is foar Tunezië.
De linksback waard ein septimber foar de twadde kear opnaam yn de seleksje. De Noard-Afrikaanske ploech spile twa oefenwedstriden tsjin de Komoaren en Brazilië, mar Kaib spile gjin minút.

Primeur

It is noch net earder bard dat in spiler fan Hearrenfean foar Oranje meidie oan it WK.
It is lykwols wol faker foarkaam dat in spiler fan Hearrenfean aktyf wie op in WK. Sa spile Hans Vonk yn 1998 trije wedstriden foar Súd-Afrika. Yn 2002 gie hy ek mei, mar doe kaam er net yn aksje.

Sweden

Yn 2006 spile Petter Hansson by Hearrenfean en mocht er mei Sweden nei it WK yn Dútslân. Pas yn de achtste finale mocht er meidwaan, doe foel hy krekt nei it skoft yn tsjin Dútslân. It stie doe 2-0 foar de Dútsers en dat wie ek de einstân.
Marcus Allbäck en Erik Edman sieten fjouwer jier earder al by de Sweedske seleksje. Edman spile hielendal net, wylst Allbäck alle wedstriden meidie. Sweden waard yn de achtste finale nei ferlinging útskeakele troch Senegal.
Uche Nwofor waard yn it seizoen 2013/2014 hierd fan VVV-Venlo en yn de simmer fan 2014 gie Nwofor foar Nigeria mei nei it WK yn Brazilië.
Ali El Khattabi spile krekt wat mear as twa seizoenen foar Hearrenfean en mocht yn 1998 mei nei it WK yn Frankryk. Hy mocht krekt foar de ein ynfalle yn de wedstriden tsjin Noarwegen (2-2) en Brazilië (3-0 ferlies).
Reza Ghoochannejhad spile twa WK's. Yn 2014 spile hy mei Iran yn Brazilië, mar doe spile hy foar Charlton Athletic. Yn 2018 spile hy noch krekt foar Hearrenfean, foardat hy yn Syprus tekene by APOEL FC.
It WK begjint snein 20 novimber mei de wedstriid Katar-Ekwador. Dy twa lannen sitte by Nederlân yn de pûl. Moandei 21 novimber is de earste wedstriid foar Nederlân. Se moatte om 17.00 oere tsjin Senegal.