Andries Noppert troch bûnscoach Van Gaal selektearre foar WK fuotbal

Noppert op de training fan Oranje © Orange Pictures
Hearrenfeandoelman Andries Noppert giet mei nei it wrâldkampioenskip fuotbal yn Katar. Dat hat bûnscoach Louis van Gaal freedtemiddei bekend makke.
Van Gaal hat yn totaal 26 spilers oproppen foar it WK. Noppert is ien fan de trije keepers dy't meigiet. De oaren binne Justin Bijlow (Feyenoord) en Remko Pasveer (Ajax).

Fjirde Fries

Noppert is de fjirde Fries ea dy't nei in WK fuotbal giet. Earder gienen Theo de Jong fan Ljouwert (Dútslân 1974), Piet Wildschut fan Ljouwert (Argentinië 1978) en Jan Kromkamp fan Makkingea (Dútslân 2006).
De Jouster is wol de earste spiler fan sc Hearrenfean dy't mei Oranje nei it WK giet.

Nations League

Noppert siet ein septimber foar it earst by de seleksje fan it Nederlânsk alvetal. Nederlân spile foar de Nations League doe tsjin Poalen en België, mar Noppert kaam net yn aksje.
It WK begjint snein 20 novimber mei de wedstriid Katar-Ekwador. Dy twa lannen sitte by Nederlân yn de pûl. Moandei 21 novimber is de earste wedstriid foar Nederlân. Se moatte om 17.00 oere tsjin Senegal.

Kassa foar Hearrenfean

Hearrenfean fertsjinnet aardich wat jild oan de seleksje fan Noppert. De klup krijt in fergoeding fan goed 10.000 euro deis. Oranje is op syn minst achttjin dagen fuort.

Mooglik giet der njonken Noppert noch wol in oare Hearrenfeanspiler nei it WK: Rami Kaib heart takom wike oft er meigiet nei Katar.

De linksback waard ein septimber foar de twadde kear opnaam yn de seleksje fan Tunezië. De Noard-Afrikaanske ploech spile twa oefenwedstriden tsjin de Komoaren en Brazilië, mar Kaib spile gjin minút.

Tongersdei waard bekend dat Pawel Bochniewicz net opnaam is yn de seleksje fan Poalen. De Hearrenfean-ferdigener siet noch wol yn de foarseleksje.