Cambuur makket it Feyenoord dreech, mar stiet wer mei lege hannen

Sai van Wermeskerken baalt © ANP
SC Cambuur hat it Feyenoord yn De Kuip dreech makke, mar giet sûnder punten werom nei Ljouwert. In betide treffer wie genôch foar de thúsploech: 1-0.
Dat is in flinke ôffaller foar Cambuur, want nei in pear minne wedstriden lieten de Ljouwerters yn Rotterdam sjen dat se better kinne.
Ynterim-trainer Pascal Bosschaart liet syn ploech yn in oare formaasje spylje. Yn stee fan it fertroude 4-3-3 spilen de Ljouwerters no 5-3-2. Dat betsjutte in basisplak foar Calvin Mac-Intosch sintraal achteryn. Yn de oanfal wie der gjin plak foar spits Roberts Uldrikis.
Opstelling SC Cambuur: Virgínia; Van Wermeskerken, Mac-Intosch, Tol, Bergsma, Bangura; Paulissen, Hoedemakers, Jacobs; Van der Water en Balk.
It duorre net lang foardat Cambuur op achterstân stie. Dávid Hancko kaam troch oer de linkerkant en skeat op João Virgínia. De Cambuurdoelman koe de bal keare, mar dêrnei ferwurke Mees Hoedemakers de bal net goed: Quilindschy Hartman krige de bal sa yn de fuotten en skeat hurd raak.
Feyenoord woe fuort dien wurk meitsje, mar Cambuur hold nei dy betide tsjintreffer in skoftlang frij ienfâldich stân. Nei in lyts healoere skeelde it lykwols net folle of it hie 2-0 stien. Op 'e nij wie ferdigener Hancko gefaarlik: hy kopte tsjin de peal.

Cambuur krijt kânsen

As underdog yn De Kuip besocht Cambuur wat fan him ôf te biten. Jamie Jacobs krige samar in grutte kâns nei in foarset fan Remco Balk. Op 'e nij liet Jacobs sjen dat er noch net de skerpte hat fan twa seizoenen lyn, doe't sokke kânsen by him altyd raak wienen. No krige er de bal net foarby Justin Bijlow.
De thúsploech hie mear balbesit, besocht it ek mei wat skotten fan ôfstân, mar dêrmei rekke Virgínia net yn 'e problemen. Yn blessueretiid wie Léon Bergsma ticht by de lykmakker. De kopbal fan de ferdigener wie lykwols wer in proai foar de Feyenoord-doelman.
Alex Bangura sjit de bal fuort foardat Patrik Wålemark derby kin © ANP
Mei it lytse ferskil wie der nei it skoft noch fan alles mooglik foar de Ljouwerters. Mar nei fjouwer kompetysjewedstriden op rige sûnder doelpunt wie wol de grutte fraach: wa moat dy lykmakker meitsje?
Achteryn hie Cambuur de saakjes yn alle gefallen wol foarelkoar. Miskien ek wol mei tank oan Feyenoord, want de thúsploech die net in soad mei it balbesit. Allinnich Santiago Giménez krige kânsen, mar hy hie it fizier net op skerp.

Alles of neat

Tsien minuten foar tiid stapte Cambuur ôf fan it 5-3-2-systeem: Bosschaart brocht Tom Boere yn foar ferdigener Mac-Intosch. Yn de slotfaze krige Cambuur tal fan kânsen op de lykmakker. Ynfallers Michael Breij en Felix Mambimbi koenen Bijlow lykwols net yn de swierrichheden bringe.
Mei spits Roberts Uldrikis derby gong Cambuur alles of neat spyljen. Breij wie it tichtst by de lykmakker, mar hy koe krekt net by in foarset fan Mitchel Paulissen.
Sa stie Cambuur, nei miskien wol de bêste wedstriid yn in moanne, dochs wer mei lege hannen: 1-0. Cambuur bliuwt dêrmei op it santjinde plak stean. Kommend wykein spylje de Ljouwerters harren lêste wedstriid fan dit jier: út tsjin sc Hearrenfean.