Achtkarspelen wol allinnich fjoerwurk op sintrale plakken; doarpen noch net entûsjast

Fjoerwurk © ANP Foto
Op ien sintraal plak yn doarpen fjoerwurk ôfstekke yn stee fan elk op eigen houtsje. Dat is it advys fan it kolleezje fan de gemeente Achtkarspelen oan doarpen yn har gemeente mei de jierwiksel.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hopet sa better tafersjoch hâlde te kinnen. De doarpen binne foarearst net hiel entûsjast. Dat docht bliken út in rûngong by de doarps- en pleatslik belangen fan Achtkarspelen.
Sa fynt Gerkeskleaster-Strobos it advys net fan tapassing op in lyts doarp. Oare jierren soe de skea ek tafallen hawwe, fynt de foarsitter. It doarpsbelang fan Twizelerheide sjocht it plan foarearst net sitten, mar slút it yn de takomst net út. Yn Stynsgea is it in resolute nee op it advys.

Om tafel

Yn Droegeham en De Harkema binne se der noch net oer út. Dêr moatte se noch om tafel oer hoe't se it mei âldjiersdei oanpakke sille. Koatstertille liket it meast posityf. Dêr waard ferline jier al in proef dien mei in sintraal ôfstekplak. Dy rûn lykwols net hielendal neffens ferwachting.
"Doe ha wy nochal wat skea hân by omwenners, oan ruten en auto's", fertelt Sake van der Meer, foarsitter fan it pleatslik belang fan Koatstertille. "Miskien lei dat oan it fjoerwurk. Mar wy binne wol in foarstanner fan it plan. Mits wy in geskikte lokaasje ha."

Hanthavening

Foargeande jierren rûn it op ferskate plakken yn Achtkarspelen, mar ek yn omlizzende gemeenten, flink út de hân yn de âldjiersnacht. Sa kundige boargemaster Oebele Brouwer yn 2020 in needferoardering ôf fanwege grutte bûtenbrannen, swier fjoerwurk en lûdsoerlêst.
Oft der kommende jierwiksel strang hanthavene wurdt? "Mei de plysje, brânwacht en alle boargemasters yn it noarden sjogge wy wat foar sinjalen der binne. Mar it moat gewoan in moai feest wurde, sûnder it gedoch fan ferline jierren", seit de boargemaster. "It fjoerwurk bliuwt, it heart by de jierwiksel, mar doch it wol fatsoenlik."