Jorrit Schreuder yn Kiev: aksjes fan Oekraynske folk helpe soldaten oan moraal

© Jorrit Schreuder
It Oekraynske folk wurket noch altyd manmachtich foar de soldaten yn it lân. Dat fertelt Fries om utens Jorrit Schreuder út syn wenplak Kiev wei.
Ek beppe, de skoanmem fan Schreuder, is drok dwaande. Se is op it stuit kadetsjes oan it bakken foar de soldaten oan it front. It jout oan hoe't de oarloch yn alle fasetten fan it lân trochwurket, wylst guon gebieten der net iens safolle ûnder te lijen hawwe.
Sa giet it libben yn Kiev foar Schreuder en syn gesin syn gonkje wol wat. De bern binne nei skoalle en fan de skûlkelder ha se de ôfrûne wike net folle sjoen.
Yn Fryslân wenje in soad Oekraynske flechtlingen, mar wylst de oarloch noch yn folle gong is, wenje der ek noch hieltyd Friezen yn Oekraïne. Jorrit Schreuder fan Beetstersweach is sa'n Fries om utens. De kommende tiid docht er alle wiken syn ferhaal by ús.
In wike lyn wiene der op moandei noch raketynslaggen yn de stêd, mar dêrnei is it rêstiger wurden. Sa út en troch giet wol it alarm ôf. "Dan tinke je: wat sil der no wer barre? Dat makket altyd wol wat nerveus." Gelokkich is der yn de buert dêr't Schreuder wennet net safolle oan de hân.

Monuminten en fernielings

Jorrit Schreuder nimt ús mei syn kamera mei troch de stêd. Hy giet by in pear saken del dy't oars binne as foar de oarloch.
Jorrit Schreuder syn skoanmem makket kadetsjes foar Oekraynske soldaten
Sa lit Schreuder de fuotgongersbrêge sjen dy't op 10 oktober bombardearre waard. Der wurdt drok wurke om de brêge te reparearjen. Dêrnjonken stie earder in grut monumint: it byld fan de freonskip. Twa manlju, in Rus en in Oekraïner, stiene njonken elkoar. Yn april is it byld lykwols fuorthelle, no is it in gat yn 'e grûn.
It byld 'Memmelân' stiet noch wol. De frou, troch Schreuder 'Us mem' neamd, is in symboal fan de frijheid foar de Oekraïners.
Troch de stêd hinne binne ek allegear plakken dêr't oarlochsguod stiet. Fernielde Russyske legerweinen, mar ek efterlitten tanks en auto's. Se stean as soarte fan tentoanstellinkjes op strjitte. Faak ek mei teksten derop lykas 'Gean mar gau wer nei hûs'.
Oft dat der op koarte termyn fan komt, is de fraach. Schreuder hat gjin idee hoe't it fierder komme sil. Hy hopet dat it moreel fan de Russyske soldaten harren brekke sil. Der binne neffens de Fryske Oekraïner in soad lûden dat it dêrmei net goed steld is.
Boppedat komt de winter der ek oan. Yn jannewaris en febrewaris kin it hiel kâld wurde, sa'n min 20 graden. It Russyske leger soe min yn de klean sitte. Dat soe harren opbrekke kinne. Mar it bliuwt dreech om te witten hoe't de oarloch him fierder ûntwikkelje sil.

Kamûflaazjenetten knoopje

It moreel ûnder de Oekraynske befolking is wol hiel grut, fertelt Schreuder. It bakken fan kadetsjes (broadsjes mei ierappel deryn) foar de soldaten oan it front, wurdt dien troch in hiel soad minsken.
Soksoarte aksjes wurde al moannen dien, en dat is no dus noch hieltyd it gefal. Schreuder syn frou hat bygelyks oan it kamûflaazjenetten knoopjen west.
Jorrit Schreuder mei syn gesin yn Oekraïne © Jorrit Schreuder
De frou fan Jorrit Schreuder is Oekraynsk. Sy is neffens de Fries fertrietlik om alle fernielings en ellinde om neat. Se is hiel benaud foar de fierdere takomst en tinkt dat as de Russen no ferlieze soene, se it letter wer besykje sille. "Se hat in absolút wantrouwen rjochting de Russen. Dat bliuwt in grutte eangst."