Deputearre Steaten sjogge neat yn obligaasjes foar boargers yn Wynpark Fryslân

Deputearre Friso Douwstra © Omrop Fryslân
It kolleezje fan Deputearre Steaten sjocht neat yn it idee om yndividuele boargers fia de ferkeap fan obligaasjes diele te litten yn de winst fan wynpark Fryslân. Provinsjale Steaten hienen earder frege om nei dizze mooglikheid te sjen.
Ut ûndersyk yn opdracht fan Deputearre Steaten is nei foaren kommen dat dit gjin goed idee is. "It advys dat wy krigen en analysearre hawwe seit dat je dit net dwaan moatte. Dêr sille wy mei Provinsjale Steaten oer yn petear", seit Deputearre Friso Douwstra.
"Wy sjogge dat soks eins foar sa'n lyts, beheind groepke eventueel wêze sil, mei safolle finansjele en juridyske konsekwinsjes en tûkelteammen. Dêrom freegje wy ús bot ôf oft it de goede stap is om eltse ynwenner der finansjeel foardiel fan te jaan."

Meidiele yn de winst

It idee mei de obligaasjes is dat boargers meidiele kinne yn de winst fan it wynpark. It kolleezje fynt dat de winst út it diel fan it park dat de provinsje yn hannen hat no ek al ynset wurdt foar it algemien belang.
Douwstra hat wat in dûbeld gefoel oer it wynpark. "Wy krije as oandielhâlder jild foar. Wy fiele ek de pine, der binne minsken dy't it echt net in moai útsjoch fine op de Iselmar. Dat diel ik persoanlik ek wol. Je sille mar yn Makkum wenje en dy wynmûnen alle dagen mar sjen, in moai byld is it net. Fiskers hawwe der ek lêst fan."
De oare kant fan it ferhaal is neffens de Deputearre dat der fan de ynkomsten út it park in soad dien wurde kin foar "saken foar de Fryske mienskip".
De provinsje hat sels 15 persint oandiel yn it wynpark, twa oare partijen hawwe mei-inoar de rest. "Sy skowe ek jild nei maatskiplike fûnsen, sy hâlde it net allinne foar harsels", seit Douwstra.