Resinsje 't Frije Skiep fan Halbertsma Wergea: In noflik jûntsje út

Henk te Biesebeek beskôget 't Frije Skiep troch Halbertsma Wergea. © Omrop Fryslân
Toanielferiening Halbertsma yn Wergea stiet al 150 jier bekend om de kwalitatyf goeie stikken. Fansels dat ek de jubileumfoarstelling oan dy eask foldocht.
Dy foarstelling moast wol geskikt wêze foar in breed publyk. As je sjogge nei de entûsjaste reaksjes fan it premjêrepublyk, is dat slagge. Foar de taskôger dy't minder sjarmearre is fan platte humor en bytiden diskriminearjende grappen, krekt wat minder geskikt.
It dekôr fan de jubileumfoarstelling fan Halbertsma Wergea is wer kreas fersoarge © Feike Schuurman
Mannich generaasje is grut wurden mei 't Schaep met de 5 pooten, de suksesfolle tv-searje oer it kafee yn de Amsterdamske Jordaan mei Adèle Bloemendaal, Piet Römer en Leen Jongewaard yn de haadrollen.
Hast noch grutter wie it sukses fan de remake fan dizze searje yn 2006. Net langer spile it ferhaal yn de Amsterdamske folksbuert, mar dit kear oan de kantinebar fan in camping. Reiny Wobbes seach foar toanielferiening Halbertsma alle ôfleveringen fan dizze searje en sette de teksten oer yn it Frysk. Wat in karwei moat dat west ha.

Noflik

Dat sil grif ek opgean foar regisseur Theo Smedes, dy't fan al dy teksten in toanielbewurking makke hat. Nei Moulin Rouge yn 2012 en Ik ha in dream, de Abba-musical út 2017, is dit Smedes syn tredde jubileumfoarstelling foar Halbertsma. It is him slagge om der in fermaaklike foarstelling fan te meitsjen foar in noflik jûntsje út.
Benammen as koar sjonge de spilers fan Halbertma as klysters © Feike Schuurman
Dochs hat Smedes de spilers dêrby goed yn de stringen hâlde kinnen. Foar in selskip fan leafst tolve spilers, dat yn heech tempo in salvo oan grappen en grollen de seal yn slingeret, sil de ferlieding ta 'schmieren' grut west ha. Dat bart lykwols net.
Smedes is it slagge om de ferskate typkes net oerdreaun grut te meitsjen. En de spilers hâlde har sûnder útsûndering kreas oan dy opdracht.

Wille

De karikatueren dy't troch har útbylde wurde lykje har dierber. De wille dy't dêrtroch fan it poadium ôfstrielet, fertsjinnet in grut komplimint. Wat in fynst ek om de Fryske teksten mei in Amsterdamsk aksint útsprekke te litten!
Respekt foar de muzikanten yn de naal fan it dekôr © Feike Schuurman
Minder entûsjast wie ik dit kear oer de sangkwaliteiten op it poadium. As koar wurdt troch de spilers meimekoar in kreaze prestaasje delset, mar yndividueel is it krekt net goed genôch. Guontiden gewoan sels falsk. Dat docht ôfbrek oan it gehiel en freget om alternative oplossingen.

Live muzyk

In soad bewûndering giet dêrby út nei de muzikanten, dy't heech yn de naal fan it dekôr live de muzyk fersoargje. Dat dekôr sjocht der oars wer treflik út. In ekstra diminsje wurdt oproppen troch twa grutte projeksjeskermen oan beide siden fan it toaniel, wêrtroch't de taskôger ek de mominten 'achter' de skermen folgje kin.
Fet oansette typkes stean garant foar in bûnte foarstelling © Ruurd Sinnema
En dochs... It grutte sukses fan de tv-searje 't Vrije Schaep datearret ek alwer fan hast tweintich jier lyn. Knap hoe't Halbertsma dy sfear fan doe op it poadium weromkomme lit. Mar it bliuwt de fraach oft de grappen en grollen dy't doe de revu passeare koene, anno 2022 noch troch de bûgel kinne.
It grutte tal synonimen wêrmei't homo(sek)suelen yn de foarstelling oantsjut wurde, is fansels net kwea bedoeld, mar no en dan wol oer it rantsje. En om alle Dútske toeristen no oanhâldend it predikaat fan nazys op te plakken...

Ekstra foarstelling

Hawar, it publyk fûn it allegear prachtich. De kaartferkeap foar de foarstellingen takom wykein rint sa goed, dat besletten is ta in ekstra foarstelling op woansdei 9 novimber. Ek dan sil de seal grif wer fol rinne, want de jubileumfoarstelling 't Frije Skiep troch toanielferiening Halbertsma is sûnder mis in garânsje foar in noflik jûntsje út.