Jou dy op foar in Fryske top 100 húskeamerkonsert

© Omrop Fryslân
De Fryske top 100 giet wer los! We sette dit jier muzikaal útein mei húskeamerkonserten fan Fryske artysten. Fan 21 novimber ôf kin elkenien in wike lang kâns meitsje op sa'n yntym en smûk konsert middenyn dyn eigen húskeamer.
Wa fertsjinnet neffens dy in húskeamerkonsert fan Piter Wilkens, Weima & vd Werf, Tjits, Carla de Bruine, De Kast, Johannes Rypma of Grytz & Grize? Dyn bêste freondin om't se sa'n grutte fan is fan Fryske muzyk, of dyn buorfrou om't se altyd foar dy klear stiet. Stjoer ús dyn ferhaal en wa wit komme wy as ferrassing del.
Jou dy op foar in Fryske top 100 húskeamerkonsert
Opjaan foar de Fryske top 100 húskeamerkonserten kin hjir.
Stimme foar de Fryske top 100 kin fan 21 novimber ôf fia www.frysketop100.nl.