Tsjerkeflaggen Amelân stellen

Amelân
De federaasje Doopsgezind-Gereformeerd Ameland sit mei de hannen yn it hier. Unbekenden hawwe de twa flaggen stellen dy't spesjaal foar de tjerkegemeente makke binne. De flaggen hingje by de Herenweg- en Westerlaantjserke om oan te jaan dat de gebouwen iepen binne foar toeristen. De flaggen binne makke doe't beide gemeenten fusearren en in nij logo krigen. Dat logo stiet op de flaggen.
It tsjerkebestjoer docht no in oprop oan de dieven om de flaggen werom te bringen. De gemeente hat in skeapost fan 250 euro.