Warkumer Ilan Palstra oer beklimming Manaslu yn Nepal: "Dy berch brekt je ôf"

Ilan Palstra oer de berch sûnder top
Muzikant en berchbeklimmer Ilan Palstra út Warkum woe 'de berch fan de siel' beklimme, de 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. It waard 'de berch sûnder top'..
It is de berch fan de siel. De 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. Ilan Palstra woe dy berch beklimme. Earder hie er ek al oan ekspedysjes meidien. Bergen fan mear as 6000 meter en ek ien fan mear as 7000 meter. Dat binne gjin lytskes. Mar de berch fan de siel waard de berch sûnder top.
Nei in moannenlange tarieding soe it ein septimber barre, mar min waar siet yn de wei, en ek de sûnens rekke op. Dêrby kaam ien fan de haadsherpa's (helpers en gidsen fan de beklimmers) om it libben by in lawine.
Berchbeklimmer Ilan Palstra út Warkum © Ilan Palstra
Ilan Palstra is in tige sportive muzikant, bekend fan de Fryske band Ilanois. As jonge jonge rekke er betsjoene troch bergen. Hy wurke yn Eastenryk as skylearaar en die faak foettochten yn de bergen. Dochs duorre it hiel lang foardat de berchsport him pakte. De lêste acht jier begûn er te klimmen.
De berch Manaslu yn Nepal © Ilan Palstra
Der kaam in dei dat de Alpen him net heech genôch mear wiene. Hy gie fierder de wrâld yn. Beklom de bergen de Stok Kangri yn Yndia (6153 meter) en de Peak Lenin yn Kirgyzstan (7134 meter). Heech wiene se. Dochs woe Palstra noch heger. De Mount Everest woe er net. Te drok en te djoer.

Berch fan de siel

Doe waard it de Manaslu, 'de berch fan de siel' omdat er earder ekspedysjelieder Arnold Coster moet hie. Coster is in grut begryp yn de klimwrâld. Trije kear stie hy op de top fan de Mount Everest. No soe er nei de Manaslu. Palstra rekket entûsjast en beslút mei te gean. Hy riedt him ta op in swiere ekspedysje.
De klim kin begjinne © Ilan Palstra
Op de fraach wêrom't er sokke gefaren opsiket en himsels útput by sa'n klim, seit Palstra: "It is sa emosjoneel ast yn sa'n kamp komst mei dat útsjoch. Dan tinkst: Dit is geweldich moai dat ik hjir wêze mei."
Yn septimber giet de groep rjochting Katmandu/Nepal. Dêrwei ride se oer 'onherbergzame' dykjes rjochting it doarpke ûnder de berch. De bêste perioade om dy berch te beklimmen is ein septimber of begjin oktober. Dan is it waar faak it bêste, want dan sit it tusken de moessons yn. De omstannichheden lykje goed.

De klim kin begjinne

Palstra giet mei tolve oare klimmers omheech en mei ferskate sherpa's. Dy binne tige wichtich. Sy witte hoe't it wurket en helpe de klimmers.
© Ilan Palstra
In klim giet stadich. Moatst der wiken foar útlûke. Begjinst yn in basiskamp. Klimst dan fierder nei kamp 1. Dan wer in stikje werom en wer omheech. Fan kamp 1 dan nei 2 en werom. Sa klimst stadichoan rjochting de top. It lichem moat hieltiid wer akklimatisearje.
"De berch fret je as it ware op" fertelt Palstra.
Ut Ilan Palstra syn tinte wei sjoen © Ilan Palstra
Yn kamp 2 falle de earste klimmers al ôf. Fan de tolve binne der noch seis oer. Ilan Palstra is ien fan harren. Mar op in nacht fielt er dat it net goed giet. Hy is kâld. De sherpa komt by him om te sjen oft it wol goed giet.
Bliken docht dat Palstra noch mar in 47 prosint soerstof yn it bloed hat. Dat is fierste min. Uteinlik moat er beslute ôf te dalen. Hy wol gjin soerstof tatsjinne krije, mar docht dat ta einbeslút wol. It ôfdalen giet dan better.
Werom yn it doarp besiket Palstra gau wer better te wurden. Dat moat rap, want de tiid om te klimmen wurdt hieltyd koarter. Nei in pear dagen giet er wer nei boppen ta.
Wer deselde wei. Hy komt úteinlik yn kamp 3. It liif wol net echt goed meiwurkje, mar hy wol trochsette.
Kamp op de berch Manaslu yn Nepal © Ilan Palstra
Dan slacht in oar needlot ta. It waar slacht om. Der falt yn ien nacht in meter snie. De ekspedysje moat ôfbrutsen wurde. Mar dat is net samar klear. Yn in kamp noch heger sieten ek minsken. De druk om sa gau as mooglik nei ûnderen te gean wie grut en ek gefaarlik.
Trije sherpa's gean foarút om it paad te effenjen foar de klimmers. Twa binne oaninoar fêst sekere. De tredde, in haadsherpa net. Hy komt yn in lawine. En ferdwynt yn de snie.
Berchbeklimmer Ilan Palstra
De groep heart al gau dat der wat slims bard is. In helikopter hinget boppe it gebiet as de groep nei ûnderen giet. Dat is net gewoan rinne, mar ek abseile.
Uteinlik komt de groep ûnder. De sherpa is omkaam. In desepsje en fertriet foar de sherpa's, mar ek de klimmers. Ut respekt gean se nei de begraffenis fan de sherpa. Foar Ilan Palstra ek tige emosjoneel.
De frou fan de sherpa sit njonken him by de tsjinst en klampt him ûnder de hiele seremoanje oan. Mar njonken it fertriet oer it ferlies fan de sherpa en de teloarstelling oer it net heljen fan de top is Palstra ek bliid dat hy it aventoer meimakke hat.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêren, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.